maart 16, 2019
fan ûnbekend*
As ruter kin ’k der sittend komme,
mar wat in drokte om ien man,
dy’t middenyn de nacht
nei Cesaréa moat
mei ús as legermacht
fan fjouwerhûndertsantich man.
Ik hâld wol fan in aventoerke,
mar neffens my is ’t wat oerdreaun
foar mar dy iene Joad,
dy’t nei hear Felix moat
as gie it om in moard;
’k moat sizze, wie hy by ús bleaun…
… wa wit, waard hy dan sels fermoarde
troch ’t eigen folk, dus is dy kâns
ek middenyn de nacht
nei Cesaréa ta;
sa jouwe wy jûn acht
mei santich ruters, dus mear mânsk.
* Yllustraasje ‘Romeinske ruter’
maart 15, 2019
fan ûnbekend*
fan Juan Antonio Ribera**
Cincinnatus, dûbel hear,
earst as patrisiër,
mar boppe-al as moedich man
fan rjocht en reden,
as diktator kriich er twa kear ear.
Cincinnatus hoegde net
sa nedich op ’e troan,
mar oarder hâlde hold er fan,
sa brocht er frede,
as diktator hat er Rome ret.
Tuskentroch wie hy ek boer
op grûn oan de rivier,
al ploegjend mei in rjochte streek;
alhiel tefreden
seach er nei it wurk de fuorgen oer.
Frege foar de twadde kear
hat hy as man fan ’t fjild
’t folk sêde yn de hongersneed;
mei rjocht en sede
kriich er foar de stêd it wer ris klear.
* Byld ‘Cincinnatus’
** Juan Antonio Ribera (1779-1860)
Skilderij ‘Cincinnatus ferruilet de ploech foar de wet’