maart 30, 2019
fan ûnbekend*
Legerkaptein, net as skipper,
yn dy funksje stapte ik oan board
om Paulus oer te bringen
nei de keizer, dêr’t er hinne woe
as boarger, mar as Joad?
Gjin ferstân fan waar en weagen,
dêrom liet ik oan de skipper oer
om feilich oer te bringen
Paulus, dy’t op see net flechtsje koe,
dochs waard de reis in toer.
Sidon, Cyprus en doe fierder,
myn beslút om oer te stappen op
in skip dat foer nei Rome;
Kreta kaam yn sicht, dêr’t Paulus woe
it leafst in winterstop.
Legerkaptein, dus gjin skipper,
dy’t it foar it sizzen hie, dat kop
derfoar, gjin deade dingen
baas; wa’t nei de keizer woe, dy soe
nei Romes heechste top.
* Kaartsje ‘Paulus’ reis nei Rome’
maart 29, 2019
fan Lambert Lombard*
In frou fan lichte seden,
dêrmei gie se troch de wrâld,
it wie in dubieuze reputaasje,
Rome seach har derop oan,
wat joech har argewaasje.
Se hold fan Magna Mater,
’t byld fan Mem liet har net kâld,
dus helle sy it op as kompensaasje,
mei in skip op Rome oan,
mar kriich sy wier wol graasje?
Noch net, earst kaam de skipbrek
yn de Tiber op it strân,
foar har de kâns om ’t skip wer flot te krijen,
’t kaam op dûbel rêden oan:
twa froulju út it lijen.
Se rêde Magna Mater,
kriich mei har in hechte bân
en foar de wrâld in reine reputaasje.
* Lambert Lombard (sirka 1505-1566)
Skilderij ‘Claudia Quinta lûkt it skip flot’