april 1, 2019
By him kin ’t amper djipper,
want hy hâldt de fearren leaver drûch,
de snaffel stekt hy der wol yn
en smyt sa’n stjit neat op,
dan goait hy ’t oer de oare boech.
Neat hat er fan in skipper,
kin sa oeren stean as wie er slûch,
gjin skomjend spoar yn ’t griene wiet,
skrept him net oer de kop,
wol ’t net, dan oer de oare boech.
Fan ûnderen nei boppen,
want hy kaam fan ûnder wetter wei
en wjukke swier de hichte yn,
hy stiet no mei it krop
foarút en hat folslein syn draai.
maart 31, 2019
fan ûnbekend*
It wie in spul fan jaan en nimmen,
sa’t it yn de wrâld faak giet:
Marokko waard in Frânsk gebiet,
dus mocht Itaalje swimme
oer de see nei Tripoli.
Dat gea wie fan de Ottomanen,
Allah kriich dêr alle ear,
mar iuwen letter kaam de kear:
de gloarje moast wol tane
troch de kriich om Tripoli.
’t Waard spile troch Italianen,
dy’t it gie om man en macht:
gjin Turk stie mear yn ’t gea op wacht,
de dea oan Ottomanen
troch de macht yn Tripoli.
Sa ha se Tripoli ynnommen,
spile nij Itaalje mei
yn ’t wrâldske spul fan ‘doch in graai’;
de see hat efkes skomme
foar de kust fan Tripoli.
* Foto ‘Oanfal fan de Italianen’