maart 21, 2019
Ik seach de berch troch ’t finster hinne
en tocht: dit is myn Switserlân,
it gea fan hichten en fan lichten;
’k streke mei in rappe hân
noch foar it rizen fan de sinne.
De stilte krong troch ’t iepen finster
oant hûnen giselen nei ’t wiet,
ik tocht: no ha wy wol de hichte,
mar in keppel einen liet
him hearre, drippen yn de glinster.
Ik siet dêr wer nei tolve oeren
en streke tinten yn it brein;
omdat de stilte my ferlichte,
hie ’k ’t pinseel op tafel lein
en seach hoe’t boatsjes net mear foeren.
Mar moarn pinseelje ik derhinne
en tink net mear: dit is de ein.
* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘De blauwe Rigi;
Mar fan Luzern by ’t opkommen fan de sinne’
Skilderij ‘De reade Rigi:
Mar fan Luzern by ’t ûndergean fan de sinne’
maart 20, 2019
van William Hoggarth*
As gûverneur ha ik it rjocht
om ûnrjocht te bestriden
troch dêr in oardiel oer te jaan,
mar hjoed ha ik dat noch net dien,
kriich fan it joadske rjocht myn nocht.
Ik hearde earst de Joaden oan
of better sein Tertullus,
dy moast it wurd foar harren dwaan;
de advokaat hie ’t oer de pest,
beskuldige op hege toan…
… in Paulus dy’t fûl twaspjalt brocht
troch ’t stribjen fan in sekte,
as kopstik soe hy lieding jaan;
ik hearde amper nei de rest,
sa’t ik al sei, ’k hie skjin myn nocht.
Dy Paulus kriich dêrnei it rjocht
syn ûnskuld oer te bringen,
dat koed er as de bêste dwaan;
ik ha doe foar ’t dilemma stien:
myn frijspraak liedt ta mear gefjocht.
* William Hoggarth (1697-1764)
Yllustraasje ‘Paulus foar Felix’