Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Meigeande útspraak fan Festus

Bibelbylden

fan Rembrandt*


Mei myn beneaming kriich ik al
te meitsjen mei in arrestant
dy’t twa jier op in útspraak wachte,
Felix koe dêr neat mei wurde,
hat my foar dat karke spand.

De Joaden spilen slim de rol
fan klagers, hy soe harren wet
net holden ha en dus ferachte;
Felix koe dêr neat mei wurde,
hat my foar de útspraak set.

Ik stelde foar Jeruzalem,
de joadske stêd om rjocht te dwaan
oan Joaden dy’t ek wachte hiene;
Paulus woe dêr neat fan witte,
koe syn eigen slach slim slaan:

‘As boarger ha ik ek in stim,
bin mear as inkeld arrestant,
berop my dêrom op ’e keizer.’
Wat koe ’k oars as witte litte:
‘Fan de keizer wurdsto klant.’

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Paulus skriuwt brieven yn de finzenis’

admin

Julius Civilis

Mytebylden

fan Rembrandt*

Fan keninklik komôf
yn’t lân fan de Bataven,
hie hy neat mei de Romein,
dy’t nei it noarden kommen wie,
dat naam Civilis him kwea-ôf.

Himsels trof fûl it kwea
fan finzenskip, de frijheid
waard him mei syn broer ûntsein;
beskuldige fan rebelly
kriich dy it fonnis fan de dea.

De deastraf rôp om wraak
nei’t eed-miel yn it hillich
wâld: de sege waard foarsein;
Bataaf, Germaan, Kaninefaat
en Galliër, elk kriich in taak.

De wraak teach driftich mei
it leger fan Civilis,
dat de fijân waard ferslein;
de sege hat ta lânwinst laat,
mar letter kaam de ommeswaai.

De oermacht wie te grut,
de ein kaam foar Civilis
by de Ryn, doe waard ferlein
de grins in ein nei ’t noarden ta,
it swurd ferlear it fan it wurd.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De eed fan de Bataven’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum