Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Claudia Quinta

Mytebylden

fan Lambert Lombard*

In frou fan lichte seden,
dêrmei gie se troch de wrâld,
it wie in dubieuze reputaasje,
Rome seach har derop oan,
wat joech har argewaasje.

Se hold fan Magna Mater,
’t byld fan Mem liet har net kâld,
dus helle sy it op as kompensaasje,
mei in skip op Rome oan,
mar kriich sy wier wol graasje?

Noch net, earst kaam de skipbrek
yn de Tiber op it strân,
foar har de kâns om ’t skip wer flot te krijen,
’t kaam op dûbel rêden oan:
twa froulju út it lijen.

Se rêde Magna Mater,
kriich mei har in hechte bân
en foar de wrâld in reine reputaasje.

* Lambert Lombard (sirka 1505-1566)
Skilderij ‘Claudia Quinta lûkt it skip flot’

admin

Sa te sjen…

Keunst

fan Pieter van Anraedt*



Gjin tinken mear oan ’t jonge bern
dat beide jierren earder wiene,
sy binne grutsk as man en frou
en sitte sa’t se binne:
fier foar harren út te sjen.

Net dat sy tinke oan de dea,
mar wol oan wat de jierren bringe;
sy binne kreas as man en frou,
dus soe it no moai kinne:
glêd fan hûd en rjocht  fan lea.

Sy komme ek geastkrêftich oer,
wat yndruk op it neiteam makket;
de neitins oan in man en frou
sil troch de tiden rinne,
sa ha libbens dochs noch doer.

Syn hân jout krêftich oan ’t ferskil,
de skepping hat it sa ha wollen:
de man is net sa as de frou
mei hannen dy’t bûn binne
oan elkoar en sûnder wil.

* Pieter van Anraedt (1635-1678)
Skilderij ‘Portret fan in hear’
Skilderij ‘Portret fan in frou’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum