april 11, 2019
fan Godfried Schalcken*
Sjoch jonge, nim fan pake oan,
do moatst net alles ta dy nimme,
want ien finger is foarearst genôch,
do hast wol trije yn de mûle,
dy’t sa grut wurdt tsjin jim heit, myn soan.
Jim heit hat fan myn hannen leard,
jawis, in klap hat him bedimme
as er obsternaat de doar tichtsmiet…
wa’t slacht, graaft foar himsels de kûle…
dat it wie soms op ’e kop ferkeard.
De hannen thús, sa wurdt men âld,
mar do meist se noch jierren brûke,
ek foar ’t klimmen yn de heechste beam,
’t ferlegen jonkje wurdt in fûle,
mar fal net, ast dea bist, rekkest kâld.
Sjoch jonge, nim fan pake oan,
lit net it libben oan dy lûke,
’t giet dan rap, bist samar oan de ein,
kom op, de fingers út ’e mûle…
’t liket as bist troch jim mem bedoarn.
* Godfried Schalcken (1643-1706)
Skilderij ‘Twa libbenstiden’
april 10, 2019
fan Hendrick Goltzius*
It eilân Malta stiet derom bekend:
’t giet gauris op ús kusten mis,
sadat wy gasten krije,
dêr’t wy in skoftke noed foar stean,
wy binne net oars wend.
Mar juster kriich ik wat bysûnders troch:
in skipbrek sûnder dat ien mist,
mar dat wie noch net alles,
in njirre biet ien yn de hân…
dy Paulus libbet noch.
Myn hûs is grut genôch foar elkenien,
dochs siet iksels om heit yn noed,
’k seach him al dagen lijen;
soe Paulus… mei dyselde hân
hat hy it wûnder dien.
It folk fan Malta stiet derom bekend:
gastfrijens docht it skipsfolk goed,
mar dat wie noch net alles,
want Paulus makke siken sûn,
dat is hjir net de trend.
* Hendrick Goltzius (1558-1617)
Yllustraasje ‘Paulus op Malta biten troch in slang’