april 13, 2019
fan ûnbekend*
Godtank, wy binne der, yn Rome,
haadstêd fan ’t Romeinske ryk,
de keizerlike residinsje,
op dy foarst ha ’k my beroppen,
gjin minske is oan him gelyk.
Ik reizge mei de Alderheechste,
hearde yn de stoarm syn stim:
‘Do komst der neffens dyn yntinsje,
mar wit wol dat Ik dy roppen
ha: bliuw net yn Jeruzalem!’
Damaskus, Cesaréa, Rome,
Lystra en Néapolis,
Atene, Troäs en Korinte,
oeral fielde ik my roppen,
sa’t Kristus sels ek roppen is.
Yn Rome ha ’k in eigen wente,
foar de doar stiet in soldaat,
mar ’k fiel my frij as yn in tinte,
reizger mei in stim fan boppen,
ik bin foar Him altyd paraat.
* Byld fan Paulus yn Rome
april 12, 2019
fan Philipp Friedrich von Hersch*
Cornelia, de mem fan tolve bern,
stie yn it libben oanskreaun as
in frou fan ’t wize midden,
’t ealste makke sy by oaren los,
gjin berntsje fielde him ferlern.
Tiberius, oan wa’t sy berntsjes skonk,
fûn yn it bêd in dûbel kwea:
twa slangen as in teken,
’t mantsje makke hy fuortdaliks dea,
op ’t froutsje brocht hy út in dronk.
Cornelia, as mem en eale frou,
mocht lang noch troch it libben gean,
gjin slang naam har geweken,
mar Tiberius syn hert bleau stean,
wat brocht Cornelia yn rou.
Dochs bleau sy wiis mei bern en har bestean,
sy wiisde dêr in pronkster op,
dy’t fier stie fan de midden,
heech hie sy it goud en ek it krop,
mar rekke net de eale kearn.
* Philipp Friedrich von Hersch (1758-1838)
Skilderij ‘Cornelia, mem fan Gracchi’