april 15, 2019
De kop mei efkes yn de fearren,
in eagenblikje foar harsels,
hoewol’t se op dit stuit neat sjocht;
it giet by har net as fansels,
de kop sil nei har winsken hearre.
It wie gjin winsk, de tolve aaien,
se kamen samar út harsels,
hoewol’t de jerke om har socht;
ek mei de twadde gie ’t fansels,
se hie oer oandacht net te kleien.
It wurdt no tiid om der wer hinne,
want sy ferwachtet hjoed of moarn
de útkomst, wat komt foar it ljocht…
de hearen ha in oar fertoan:
de kop derûnder, neat te winnen.
april 14, 2019
fan ûnbekend*
Gjin hynstesturt mear oan de holle,
gjin tradysjonele klean
en ek gjin skearmes oer de kop;
as ’t al bart… revolúsje,
fuort de keizer, syn fertsjinne lean!
Mar wat soe Sun Yat-sen dan wolle?
‘Sizzenskip foar ’t sljochte folk,
de hiele naasje rint foarop
as ’t komt ta revolúsje,
lean nei wurkjen, oars ’t gewear ta tolk!’
It leger skeat mei skerp, gewearen
wiene nij, ’t gie tsjin de macht
fan keizer en de hynstesturt:
tradysje… gjin fidúsje,
’t revolúsjefjoer sjit troch de nacht.
Koe Sun Yat-sen de gaos keare
yn de nije republyk?
Syn aspiraasjes wiene grut
mei wer in revolúsje,
lykwols kriich er diskear ûngelyk.
Yllustraasje ‘Revolúsje’