april 4, 2019
fan Umberto Boccioni*
Gjin earme komt yn de arkade
ûnder bôgen withoeheech,
ferljochte troch sabeare stjerren,
dêr’t gjin himelstjer trochhinne komt,
de earme siket oare paden.
De riken kringe nei de ljochten
achter ’t glês fan it kafee
om boppe ’t razen út te hearren
wat besielet hoeren op ’e fûst,
de riken wringe har yn bochten.
Ut dy twa hoeren falt te kiezen:
dy of dy prostituee;
mei faasje wurdt mobilisearre,
wat dêrnei ta oarlochshichte komt,
gjin leger wol de striid ferlieze.
Gjin earme komt yn de arkade,
’t pilske drinkt er yn de kroech
en rint op hûs oan oer de kade.
* Umberto Boccioni (1882-1916)
Skilderij ‘Gefjocht yn de arkade’
april 3, 2019
fan Jan Luyken*
Al jierrenlang bin ik matroas
en ha op mannich skipke fearn
yn stille riten en stoarmwaar,
kaam altyd feilich yn de haven,
mar de lêste reis wie oars.
Mei sudewyn fan Kreta ôf
koe ’t folle seil der rom by stean;
ynienen foel de wyn deryn,
wy waarden fan de stoarm as slaven
oan de riemen… los dat tou!
De stoarm hold oan, dus fracht oerboard,
de mêst en gyk der achteroan,
it skip waard licht lykas iksels,
yn dagen hiene wy net iten,
net in hap, mar wie soks snoad?
’t Wie Paulus dy’t ús ite liet
en moed ynspriek op wisse toan:
wy soene rêden wurde, soe
it ús dan om de skipbrek spite?
Syn gelyk, ’t is wier, sa gie’t.
* Jan Luyken (1649-1712)
Yllustraasje ‘Skipbrek by Malta’