Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Curius Dentatus

Mytebylden

fan Jan Havickszoon Steen*

Syn twadde namme seit it al,
it hat mei it gebit te krijen,
want doe’t Dentatus berne waard,
hie hy de mûle daliks fol.

De tosken sette hy deryn
om Romes macht noch út te wreidzjen:
de fijân rekke fan de kaart,
mar wachte op in skrale wyn.

Dentatus rekke tosken kwyt
by ’t âlder wurden, doe’t er wenne
yn ’t hutsje, keazen nei syn aard,
want oan syn geast wie slyt noch wryt.

De fijân kaam by him mei goud
om mei ’t geskink him om te keapjen,
hy hie gjin lêst fan skrale wyn,
dy’t romme, him al lang fertroud.

* Jan Havickszoon Steen  (1626-1679)
Skilderij ‘Curius Dentatus en de Samniten’

admin

Dûbele gefoelens

Keunst

fan Jan Adam Kruseman*
fan Orest Adamovitsj Kiprenski**



Hy hat it mei himsels goed troffen,
mei in holle dy’t der wêze mei,
de skouders breed, it boarst foarút,
de linkerhân klear foar de klap,
de rjochter showt syn skriuwtalint,
’t swart-wyt noch ta beslút.

By tsjuster is er mankelyk,
oerdei in master yn de romantyk.

Lit him mar yn syn eigen rûnte,
ynkeard want hy sjocht no nearne nei,
mar earder krong syn eachopslach
troch alles hinne, klap nei klap
kriich hy werom, is net oars wend
as wês foar ynkear wach.

Oerdei sjocht hy it aldermeast,
it byld komt yn de skimer fan de geast.

* Jan Adam Kruseman (1804-1862)
Skilderij ‘Portret fan Adrianus Anthony Vinju’

** Orest Adamovitsj Kiprenski (1782-1836)
Skilderij ‘Portret fan dichter Zjoekovski’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum