april 21, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Wa’t jild hat, kin heech fleane;
mei foarfaars sinten út ’e feart
is ’t wetterfleantúch berne;
de ein fleach fuort en kaam wer del,
‘Le Canard’ moast efkes wenne.
’t Idee fan Henri Fabre
waard troch gjin eangst foar weagen keard;
nei fjouwer jierren bouwe
mei hûnderttûzen Frânske frank
wie de ein wol te fertrouwen.
De fûgel sloech de wjukken
út… hie de ein wol swimmen leard?
’t Publyk stie mei tsien fragen
nijsgjirrich op ’e kant te sjen
hoe’t er mei syn slaggen slagge.
* Foto ‘Le Canard foar de start’
** Foto ‘Le Canard op it wetter’
april 20, 2019
fan Paulus*
Mei alle goeds sprek ik jim oan,
it hiele folk fan Rome;
omdat God fan minsken hâldt,
komt jim no al de frede ta,
dus libje út syn goedens wei,
ik skriuw út namme fan de Heit en Soan.
Ik moat it mei dit skriuwen dwaan,
kin net meikoarten komme,
mar jim bliuwe yn ’t ûnthâld,
dan reizgje ’k letter nei jim ta
mei ’t boadskip fan de nije tiid,
ik skriuw dit no om jimme hoop te jaan.
Sels yn Korinte ha ik heard
hoe’t jim mei ynmoed leauwe,
dat ferhaal giet oer de wrâld
en komt mei waarmte op my ta,
lûkt tagelyk it boadskip oan
dat ik al jierren bring fan stêd nei stêd.
* Kopy út ’e tredde iuw fan Romeinen 1,1-7