april 14, 2019
fan ûnbekend*
Gjin hynstesturt mear oan de holle,
gjin tradysjonele klean
en ek gjin skearmes oer de kop;
as ’t al bart… revolúsje,
fuort de keizer, syn fertsjinne lean!
Mar wat soe Sun Yat-sen dan wolle?
‘Sizzenskip foar ’t sljochte folk,
de hiele naasje rint foarop
as ’t komt ta revolúsje,
lean nei wurkjen, oars ’t gewear ta tolk!’
It leger skeat mei skerp, gewearen
wiene nij, ’t gie tsjin de macht
fan keizer en de hynstesturt:
tradysje… gjin fidúsje,
’t revolúsjefjoer sjit troch de nacht.
Koe Sun Yat-sen de gaos keare
yn de nije republyk?
Syn aspiraasjes wiene grut
mei wer in revolúsje,
lykwols kriich er diskear ûngelyk.
Yllustraasje ‘Revolúsje’
april 13, 2019
fan ûnbekend*
Godtank, wy binne der, yn Rome,
haadstêd fan ’t Romeinske ryk,
de keizerlike residinsje,
op dy foarst ha ’k my beroppen,
gjin minske is oan him gelyk.
Ik reizge mei de Alderheechste,
hearde yn de stoarm syn stim:
‘Do komst der neffens dyn yntinsje,
mar wit wol dat Ik dy roppen
ha: bliuw net yn Jeruzalem!’
Damaskus, Cesaréa, Rome,
Lystra en Néapolis,
Atene, Troäs en Korinte,
oeral fielde ik my roppen,
sa’t Kristus sels ek roppen is.
Yn Rome ha ’k in eigen wente,
foar de doar stiet in soldaat,
mar ’k fiel my frij as yn in tinte,
reizger mei in stim fan boppen,
ik bin foar Him altyd paraat.
* Byld fan Paulus yn Rome