april 29, 2019
Mei twa wjukken op ’e lampe,
sa komme sy foar ’t doel teplak,
yn ’t foarste plak om út te sjen,
de koppen yn deselde rjochting,
dêr ’t in earm klimt nei it dak…
sy fiele tagelyk de krampen.
’t Ljocht giet út, de trije bollen
ha yn de nacht har plicht wer dien,
sadat it paad is goed te sjen,
dat is it doel fan de ferljochting,
dat fan har bliuwt net by ien…
sy moatte ’t kwyt, ’t wurdt har tefolle.
Sa… de earm klom rap nei boppen,
dat sûnder wjuk kaam hy teplak
dy’t glêzen wasket foar it sjen;
al is it yn deselde rjochting,
minsken hâlde har gemak,
wylst kôben draaie drok de koppen.
april 28, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Fan hûs nei Súd-Amearika
om Simon Bolivar te moetsjen,
firtueel, net as persoan;
sa gie ik op ’e hichte ta
en wist net wat ik boppe seach:
ik mocht de Inka’s stil begroetsje.
Har muorren wiene grien begroeid,
de wenten, timpels en paleizen
seagen my beskamsum oan:
wat brutsen wie, hie earder bloeid,
gjin Inka kriich ik yn it each,
de skiednis makke frjemde reizen.
My waard dêr stadichoan ferteld
dat tûzen minsken wenne hiene
yn dy stêd mei goud bekroand;
mar neat waard oer it bouwen meld,
de brek kaam op my oer as pleach…
hoefolle libbens deade wiene?
Wat oerbleaun wie, stie rjocht oerein,
fertelde altyd noch in bytsje
fan de Inka as ikoan,
in byld yn iuwen net ferflein;
ik, Hiram Bingham, dy’t dat seach
as earste reizger: Machu Picchu.
* Foto ‘Hiram Bingham’
** Foto ‘Machu Picchu’