april 22, 2019
Hy libbet yn in solo-maatskippij
en hat faak each foar ûnder him:
in heale bol op stielen poaten,
it noardlike healrûn
mei ynherint de lûdste stim,
dy’t raast dat liberaal wurdt nij,
oan ’t swakke part net bûn…
dat leit al yn de goate.
In trije-ienheid op in heech nivo,
noch jong mei ’t kommen yn de kop,
dy’t draait, it sicht op oeral hinne,
de takomst is har jûn
mei ynherint it hege krop:
wy earst en net de fredesdo,
oan weake wearden bûn,
wês hurd sa’t wy ek binne.
april 21, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Wa’t jild hat, kin heech fleane;
mei foarfaars sinten út ’e feart
is ’t wetterfleantúch berne;
de ein fleach fuort en kaam wer del,
‘Le Canard’ moast efkes wenne.
’t Idee fan Henri Fabre
waard troch gjin eangst foar weagen keard;
nei fjouwer jierren bouwe
mei hûnderttûzen Frânske frank
wie de ein wol te fertrouwen.
De fûgel sloech de wjukken
út… hie de ein wol swimmen leard?
’t Publyk stie mei tsien fragen
nijsgjirrich op ’e kant te sjen
hoe’t er mei syn slaggen slagge.
* Foto ‘Le Canard foar de start’
** Foto ‘Le Canard op it wetter’