Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Marcus Curtius

Mytebylden

fan Pierre Joseph Celestin François*

Gjin kriichsman mei mear moed
as Marcus Curtius;
de held fan de Romeinen
offere syn eigen bloed.

Op ’t Foarum kaam in kleau,
dy’t djip by ’t folk ynsloech,
omdat de goaden seine
dat de swarte djipte bleau…

… as net in moedich man
it weage om de sprong
te meitsjen; de Romeinen
waarden dêr net optein fan.

Mar ien man hie de moed
de djipte yn te gean,
gjin god soe him dêr heine,
Marcus Curtius, hy woe ’t.

* Pierre Joseph Celestin François (1759-1851)
Skilderij ‘De dea fan Marcus Curtius’

admin

Swart goud by ljochte nacht

Keunst

fan William Turner*



De nacht is minder swart
as wat de djipte makke hat
troch tûzen tiden hinne.

De wurkers sakje wei
djip yn de ierde, dêr’t gjin dei
te sjen is, om te winnen…

… it swarte goud, dat telt
de flammen tsjin de fûle kjeld
om sulverstof te wurden.

De sjouwers jouwe acht
by fjurren yn ljochtmoannenacht,
swart wurde grize burden.

De skûten komme djip
te lizzen, dan fart skip nei skip
it goud nei fiere kimen.

* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Sjouwers lade nachts stienkoal’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum