mei 19, 2019
fan ûnbekend*
Wêrom mei in hynder drave?
Ien pk is út ’e tiid
en rekket gau al út ’e liken…
smyt in racewein yn de striid.
Ray Harroun sil it wol meitsje,
stekt yn motors al syn tiid
en jaget oer noch lege diken,
syn pk’s ha plenty piid.
Lit de brims** mar folop gûnzje,
Indy*** stekt syn nekke út,
gjin deaden falle, sa docht bliken,
Ray racet rikjend nei de bút.
‘Wasp’stekt earfol nei de hichte
sûnder help fan in monteur,
gjin hymjend gapjen nei de siken,
’t giele bistke fljocht mei fleur.
* Foto ‘Ray Harroun foar de tribune’
** Brims/wesp wie de namme
fan de raewein fan Ray Harroun
*** Indianapolis 500 race
mei 18, 2019
fan ûnbekend*
Korintiërs, oer guon ha ’k heard
dat sy soms nei de hoeren gean
om har gerak te heljen,
wat by jim de geast bedjert.
De frijheid fan in kristen is
in ryk besit om foar te gean,
mar net om te beteljen
oan de hoeren, dan is ’t mis.
It lichem is ek in besit,
mar net allinnich foar mysels,
it is in diel fan Kristus,
dêrom dat ik kristen hjit.
Dus asto nei de hoeren giest,
dan joust in diel fan Kristus wei,
ferbrekst dêrmei de ienheid,
wat perfoarst op delgong wiist.
It lichem is in timpel fan
de Geast, dat wês dêr sunich mei,
in timpel dêr’t de wiisheid
opbloeit neffens himelsk plan.
Yllustraasje ‘Bleate dûnseres’