mei 2, 2019
fan Adriaan Wulffaert*
It feest hat west, de nacht komt oan,
it miel wie bêst, de drank joech fleur,
gjin wanlûd hat hjoed klonken,
wol it liet, soms falsk fan toan
troch Roel, hy wie stomdronken.
It is de heechste tiid om fuort
te gean, de nacht jout amper kleur,
mar mem jout oan har dochter
mear as rie, in koer fol guod,
har skoansoan harket nochter…
… fernimt wol ’t lôgjen fan it fjoer,
dat útbrekt middenyn de nacht,
hy moat noch efkes wachtsje…
triennen fan har lytse broer
ferkoartsje noch it nachtsje.
* Adriaan Wulffaert (1804-1873)
Skilderij ‘Ofskie fan it breidspear’
mei 1, 2019
fan Historia*
Wat is ûnder, wat is boppe?
Wy steane ûnder it gesach,
want oer ús stiet altyd de oerheid,
dy’t troch God roppen is,
dus sil gjinien nei boppen skoppe.
Elkenien krijt in gewisse,
dat ynfloed hat op it gedrach,
wa’t goed docht, hoecht net bang te wêzen,
de oerheid sil dan wis
dy priizje, wat ferkearden misse.
Wa’t ferkeard docht, moat wol witte
dat straf perfoarst him treffe sil,
want God joech ’t swurd grif oan de oerheid,
dy’t troch Him ynsteld is…
belêsting moatst ek net ferjitte.
Brief fan in Romein oan Paulus
Bêste Paulus, no moatst hearre:
de oerheid straft ús om ’e nocht
yn de arena foar de liuwen,
lykas dat ynsteld is…
wy moatte foar de oerheid stjerre.
* Yllustraasje ‘Kristenen foar de liuwen goaid’