Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It swurd fan Damokles

Mytebylden

fan Richard Westall*

Lit Damokles mar rinne
oan it hôf fan Dionysius,
hy joech heech op fan syn bestean
en lok, in seldsum lot
om mar ien kear te winnen.

In feestmiel kriich er oanbean
fan diktator Dionysius,
dat kaam nêst syn fertsjinne lean;
hy seach syn foarst as god,
op ’t lok liet hy him foarstean.

Lit Damokles mar ite
mei it swurd fan Dionysius
krekt boppe ’t brein fan syn bestean,
hy wist net fan it hoe
of wat, dus gjin ferwiten…

… oan Damokles, dy’t rinne
koe nei ’t miel fan Dionysius,
hy soe noch net nei ’t deadsryk gean;
dat barde dêr en doe…
soe soks noch heevje kinne?

* Richard Westall (1765-1836)
Skilderij ‘It swurd fan Damokles’

 

admin

Heger as it krús

Keunst

fan Marc Chagall*



It hurde libben op ’e ierde
koe ’k as doarpsgeaman krekt oan,
mei frouwehelp foar al ús bern
stie ik te meanen yn de miede.

It wie ús krús, dat fan de tsjerke
seagen wy earbiedich oan
as teken fan ús Leave Hear,
mar fan syn komst wie neat te merken.

De ko stie klear om mei te praten
oer de noeden fan de dei,
mei grutte eagen seagen wy
har sitten, frou en ko as maten.

Mar harkje, wat is hjir te rêden?
Snarelûd, it nimt my mei
nei boppen om it oars te sjen,
in flecht oer doarpen, krús en stêden.



* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘Ik en it doarp’
Skilderij ‘De fiolist’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum