mei 12, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Untdekke waard syn libbensdoel
as keardel út in seemansskaai,
fan noard nei súd, wif oer de weagen,
oer it hurde iis by nacht en dei.
De Súdpoal waard syn tuskendoel,
it waard in striid mei Robert Scott,
dy’t tagelyk de poal foar eagen
hie, de hurde dea waard dêr syn lot.
Amundsen sylde mei de Fram
troch iepen see nei ’t Ross-plato,
earst waard de skos fansiden reage,
mar úteinlik kreake ’t iis: ‘Hâld ho!’
De fjirtich hûnen loeken fûl
de fjouwer sliden oer it iis,
Amundsen dy’t fiif libbens weage,
wifke tusken libbensdoel en wiis.
Mar sechtjin hûnen bleauwen oer,
de deade bisten waarden foer,
dy massamoard wie wier, gjin leagen
dy’t mei ’t skip werom nei ’t noarden foer.
Amundsen brocht de wierheid mei
dat hy as earste op ’e poal
oankaam, Scott hie tefolle weage,
dat sa waard Amundsen Noarsk idoal.
* Foto ‘De Fram’
** Foto ‘Noarske flagge op ’e Súdpoal’
mei 11, 2019
fan ûnbekend*
Korinte, wês net eigenwiis,
lykas dyn hearskers binne,
want de wiisheid komt net út dysels,
troch eigen wiisheid bliuwst allinne.
Gods wiisheid heint gjin each of ear,
komt net út minskeherten,
mar is ferburgen as in heimnis,
in heimnis boppe alle wetten.
De Geast jout ús Gods wiisheid troch,
sadat wy sprekke kinne
fan it heimnis, net ferburgen mear
foar ús, wy binne net allinne.
Korinte, dyn natuerlik folk
neamt dwaas wat komt fan boppen,
wy skôgje wiisheid yn de dingen
dy’t ús ta libben leauwe roppe.
Yllustraasje ‘Argeologysk park fan Korinte’