mei 16, 2019
fan Pierre Bonnard*
It foel my daliks op:
de drokte yn de iere moarn
mei folk en ezelskarre;
dat byld krong troch yn ’t atelier
en sette my ta streekjen oan…
ik wie wer yn Parys bedarre.
Mei freon Vuillard hie ’k op
’en paad west nei it bûtenlân
foar frjemde ynspiraasje;
dy waaide oan fan oer de see,
liet weagen rôlje oer it strân
en soarge foar ferdivedaasje.
It foel my doe al op
dat wurkjen rekke út ’e toan,
ik hie ’t kreëarjen sparre
foar letter op it âlde stee…
de moarntiid yn Parys spriek oan,
ik koe my folút skeppend warre.
* Pierre Bonnard (1867-1947)
Skilderij ‘Moarntiid yn Parys’
mei 15, 2019
fan ûnbekend*
Wol lêze, Godsfolk, trije bylden
dy’t ik jim foar eagen hâld
om better te begripen
wa’t jim binne yn de wrâld.
Jim binne alderearst Gods boulân,
dêr’t ik jierren plante ha,
Apollos joech it wetter,
God liet groeie, dat no sa!
Jim binne tagelyk Gods bouwurk,
Kristus is it fûnemint,
ik mocht it foar jim lizze,
bou mar troch, dat is de hint!
As lêste binne jim Gods timpel,
dêr’t syn Geast it wenplak hat,
gjinien mei ’t bouwurk skeine,
twa kear hillich, sa is dat!
Yllustraasje ‘God lit groeie’