mei 30, 2019
fan Fritz von Uhde*
Oan har is ’t measte wyt,
wat wiist op wat har takomst wurdt:
in troujurk foar ien dei, dêrnei
as mem sân dagen binnendoar,
sjoch hoe’t it swarte by it wite stiet,
dêr bist no ienkear famke foar.
Mar ien kear bisto bern,
dat hat mem hûndert kear al sein;
har fraach – hoe faak bist frou dêrnei –
krijt sy net ien kear antwurd op;
wol hûndert plaatsjes mei se hjoed besjen,
sy is fan heit in leave pop.
Op ’t lêste plaatsje stiet
in âlde beppe yn it swart,
it is gjin jurk foar mar ien dei,
dêr binne âlde klean net foar,
sjoch no ris nei de mûtse, dy is wyt…
trout beppe nochris mei… in oar?
* Fritz von Uhde (1848-1911)
Skilderij ‘It plaatsjeboek’
Skilderij ‘Alde frou mei krúk’
mei 29, 2019
fan ûnbekend*
It lichem sprekt my oan
as byld fan de gemeente,
beide binne ien gehiel,
ferlykber mei Gods Soan.
It lichem as gehiel
bestiet wol út gâns lidden,
hân en foet en each en ear,
se binne ûnderdiel.
It each stjoert hân en foet,
sadat dy krekt bewege,
sûnder holle komme hân
en foet yn grutte noed.
As ien lid lijt, dan is
it sa dat alle lidden
lije; krijt in lid de ear,
is blidens rûnom wis.
It lichem as gehiel
kin ek foar jimme sprekke,
want elk lid docht trou syn plicht,
wat fuortkomt út ’e siel.
Yllustraasje ‘In protte lidden, ien lichem’