Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fan reinjas nei fynspul

Lyrysk Deiboek

In twirre brocht it boppe ’t plak,
doe gie de wyn lui lizzen
as hie ’t sa wêze moatten
yn de winter mei de dei troch rein,
men hie it net foar ’t sizzen.

De winterbloei siet der noch yn
mei rûnom ’t grien fan blêden,
de froast hie dy net koarte;
lizzen gie de wyn, ’t is earder sein,
it sakke… neat te rêden.

Dochs kaam it op it goede plak
as reinjas om de stâle
as hie de duvel boarte
mei it plastic fan begjin oant ein,
mar ’t is wol fierder rôle.

It rôle alle seeën yn,
gjin twirre wie noch sûnder
in plastic jas, mar blommen
wiene net te finen… yn de rein
gie ’t fynspul stadich ûnder.

admin

Winnende brims

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Wêrom mei in hynder drave?
Ien pk is út ’e tiid
en rekket gau al út ’e liken…
smyt in racewein yn de striid.

Ray Harroun sil it wol meitsje,
stekt yn motors al syn tiid
en jaget oer noch lege diken,
syn pk’s ha plenty piid.

Lit de brims** mar folop gûnzje,
Indy*** stekt syn nekke út,
gjin deaden falle, sa docht bliken,
Ray racet rikjend nei de bút.

‘Wasp’stekt earfol nei de hichte
sûnder help fan in monteur,
gjin hymjend gapjen nei de siken,
’t giele bistke fljocht mei fleur.

* Foto ‘Ray Harroun foar de tribune’

** Brims/wesp wie de namme
fan de raewein fan Ray Harroun
*** Indianapolis 500 race

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum