Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Damon en Pythias

Mytebylden

fan ûnbekend*



Lit my ’t ferhaal fertelle,
want beskieden is freon Pythias,
dy’t sûnder skuld de deastraf krije soe…
ús freonskip hat de einstreek helle.

In oanslach hied er yn de holle,
sa woe hawwe Dionysios,
tiran fan Syrakuse, mar soks soe
myn freon nea dwaan, der is tefolle…

… al filosofysk troch ús hinne
gien, behalve dan de moardoanslach;
wy tinke inkeld wat der barre soe
as minsken slim tamtearre binne.

As freonen bleauwen wy yn lykwicht,
Pythias mocht earst op sakereis,
ik naam syn plak yn, kaam er net werom,
dan hie ’k de dea as tsjuster útsicht.

Tirannen tinke faak it kweade,
dêrom wie ’kmy en myn freon ferlern,
mar filosofen sjogge ’t libben rom,
’t bleau mei ús freonskip lang yn wearde.

* Yllustraasje ‘Damon en Pythias’

admin

Skyn en lok

Keunst

fan Périclès Pantazis*

De rokken binne krekt op langte
foar de moade bûtendoar,
foaral om út te waaien,
want dêr binne ploaien foar.

En doe’t it strân de dames wankte,
klonk it wolkom fan de wyn:
‘De rokken wurde flaggen,
ek al is it foar de skyn.’

De parasol kaam justjes heger
om it strieltsje sinneskyn
fan hier en hûd te warren,
brún giet tsjin de moade yn.

Sawat in heale langte leger
waait de wyn yn seil en fok:
‘Jim skipke jou ik faasje,
’k wurkje mei oan ’t wiere lok.

* Périclès Pantazis (1849-1884)
Skilderij ‘Op it strân’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum