juni 1, 2024
fan ûnbekend*
De Noardsee siet dertusken,
tusken stilstean of der fol foar gean
om mei in fracht oan wapens
fijân Dútslân te ferslaan,
de frijheid wie de muoite wurdich,
mear noch: ek de dea fan de soldaat,
it wie mei sizzen net te dwaan.
Hoefolle wurden sprieken
fan de stipe foar in folk yn need,
allinnich mar mei wapens
sûnder Ruslân te ferslaan?
Lang siet de grins dertusken,
tusken stilstean of der fol foar gean
mei wapens dy’t fier rikke
om ús freonen lucht te jaan,
de frijheid giet oer grinzen hinne
mei rjochtfeardichheid as trouwe maat,
tegearre moatte sy it dwaan.
* Foto ‘D-Day’
mei 31, 2024
fan ûnbekend*
Wêr’t bavianen yn de hichte
slingerje, de sebra’s roffelje
mei feart de flakte oer,
dêr binne kliffen en ravinen,
hat Natoer spektakel stichte.
Oars as it leven fan de minsken,
mei it razen fan de metropoal
bliuwt net in plakje oer
foar ’t slingerjen fan bavianen,
sebra’s ha dêr ek gjin winsken.
De earnen fleane troch de poarte
oer it wetter fan de sterke stream,
’t spektakel fan Natoer
mei alle bavianen, sebra’s…
soe men sûnder harren moatte?
* Foto ‘Blyderivierpoort yn Súd-Afrika’