augustus 12, 2025
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Wat yn de rin fan iuwen foarme is,
de rûge kust, mar ek it eilân,
freegje om beskerming
yn it ramt fan ’t nasjonale park,
gewurde litte is dêrfoar it ark.
It park lit sa ek bloeie it koraal,
beskermet ek ’t koraal dat op it
eilân erodearret;
yn it ramt fan ’t nasjonale park:
lit bloei en dea gewurde as it ark.
Noch springt yn ’t park in libbene fossyl:
’t amamiknyn dat troch de iuwen
hinne yn libben bliuwe
koe, lit hjoed de dei ’t Amami-park
foar ’t knyntsje wêze ’t nasjonale ark.
* Foto ‘Amamipark yn Japan’
** Foto ‘Amamiknyn’
augustus 6, 2025
Hy hie in sterke wil,
dus naam er altyd foarrang
yn it wetter, syn domein,
dêr’t fisken mei ûntsach
him alle romte joegen
of tsjinnen as syn miel,
no leit er stil.
Gjinien wie sa as hy,
sa grut en fluch as wetter,
dêrmei wie net alles sein:
hy hearske as tiran
dy’t alle romte easke,
gjin diel mar it gehiel,
hy wie sa frij…
… om mei syn sterke wil
op wei te gean nei foarrang
op ’e dyk, net syn domein,
mar ûnder it gesach
fan meunsters as tirannen
dy’t easkje harren diel…
hy leit deastil.