juni 23, 2025
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Mahatma hie in grutte siel,
wat spriek al út syn namme,
in siel dy’t iepen stie foar folk
dat ûnderdrukt waard troch de macht
dy’t spriek mei stim en stiel.
De stim spriek oer it grutste diel
dat takaam oan de blanke
dy’t macht hie oer it oare folk
dat oansein waard wat wie de taak
fan minsken sûnder siel.
Mahatma joech it folk de siel
fan… elkenien op ierde
mei namme meitsje sa’t er is:
‘Kom yn ferset tsjin elke Brit
dy’t sprekt mei stim en stiel.’
It stiel feroare hy yn sâlt:
‘Lit ús de sâltmars rinne,
dan krije wy it rjocht om sâlt
te winnen foar de eigen smaak…
de frijheid, ús behâld.’
* Foto ‘Mahatma Gandhi’
** Foto ‘De sâltmars’
juni 21, 2025
fan ûnbekend*
Fan ûnderen mar ek fan boppen
hawwe keunstners oan it wurk west,
sadat in keunstwurk is ûntstien;
de hichten en de lichten
yn in geologysk park
ferplichten ta gedichten.
Fan ûnderen ûntstiene foarmen
troch útbarstings út ’e djipte,
sa wie de byldhouwer oan ’t wurk;
de wyn en ’t wetter wiene
skilders, wurken sûnder ark,
wat sy al tiden diene.
It binne de reinbôgebergen
dy’t oproppe de ferbylding
fan dichters, keunstners fan it wurd;
de hichten en de lichten
fan in ynspirearjend park
ha ta de died ferplichte.
* Foto ‘Geologysk park yn Gansu, Sina’