juli 6, 2025
fan Andrew Wyeth*
It wie de wrâld fan Andrew Wyeth,
skilder dy’t fan ’t lânskip hold
dat him oanspriek troch de fierte,
fier koe hy de wrâld oersjen
om folle net genôch te witten.
Hy seach syn ynfalide buorfrou,
wist fan har beheinde wrâld:
stean gie net, allinnich sitte
koe sy, alles net oersjen,
hy liet har dochs genôch noch witte…
… mei’t hy har eigen romte fêstlei
yn de geast dy’t spriek fan krêft:
krûpend woe syn fierder komme
as de top om fier te sjen,
foar leaf hat sy har krupsje nommen.
* Andrew Wyeth (1917-2009)
Skilderij ‘Christina’s wrâld’
juli 3, 2025
fan Joseph Stevens*
Gjin gewicht is swierder
as dat fan de maatskippij
dat drukt op smelle skouders;
as in hûn fielt hy de lêst…
kreakjend lûkt de dei foarby.
Sân wurdt yn de eagen
struid fan wa’t de karre triuwt
oer hobbelige paden;
as in hûn docht hy syn bêst,
wittend dat wat is, ek bliuwt.
Trije hûnen lûke
him mei lijen troch de tiid
om syn gerak te krijen;
as in hûn komt hy ta rêst
yn it tsjuster nei de striid.
* Joseph Stevens (1816-1892)
Skilderij ‘De sânman’