Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rotsfêste aksje

Lyrysk Deiboek


De reiden ha de slach ferlern,
de weachslach friet de woartels los
en fierder ek de fêste grûn,
sadat it paad bedrige waard
dat nei de takomst rûn.

It wrâldfolk rekke yn panyk
en sloech it paad yn nei de berch
om frij te wêzen fan it lot
dat driigjend ûnder harren lei,
it skûlplak wie de grot.

De ierde skodde fan ’t klimaat
dat hearske ûnder ’t bange folk;
der kamen tal fan rotsen del,
dy’t bolderen fan pak ús fêst,
jou jim der net bydel.

Elk naam in rotsblok op ’e rêch
en sjoude dat nei ’t iepen plak,
dat slach nei slach bedrige waard,
de reiden rûsden foar it folk
dat hearske oer ’t klimaat.


admin

Natoerkonform

Lyrysk Deiboek


It is in rynske risping
neffens it sjoernaal,
mar ’t grutte oanbod
hat gjin ynfloed op ’e priis,
alhiel net merkkonform.

Sjedêr wat juster barde
neffens it ferhaal
fan hoe’t in fûgel
sin hie oan dy iene par,
alhiel natoerkonform.

It is foar alle libben
super dat de taal
fan par en fûgel
net konform is oan de priis
fan fruchten fan de merk.



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum