augustus 2, 2024
Troch omstannichheden slagget it net om nije gedichten en bylden
op de webside te setten. Nei de Snitswike giet it fierder.
november 23, 2016
Myn namme is Willem Tjerkstra,
soan fan Bernardus Tjerkstra en Jacoba Fortuin (skipperspear)
broer fan Anne, Andries en Nieske
pakesizzer fan Willem Tjerkstra en Hieke Vrieswijk (skipperspear)
Anne Fortuin en Nieske de Jong (skipperspear)
man fan Diny de Ruiter
heit fan Fedde en Jacoba
skoanheit fan Henriëtte Valkema en Wiebren Santema
pake fan Eva, Jesse, Imre, Willem, Doutsen en Redmer
Myn berte fûn plak
op it skûtsje ‘Twee Gebroeders’ mei It Heidenskip as domisily
op 15 augustus 1943 middenyn de Twadde Wrâldoarloch
op de dei fan Marije Himelfeart
Fan myn berte oant myn seisde ha ik meifearn op it skûtsje
nei de terp om modder
nei de greide om de terpmodder te lossen
nei de boer foar in fracht kowedong
nei de feangebieten yn Drinte foar in fracht turf
nei it eigen doarp om de turf út te suteljen
Doe’t ik learplichtich waard, op 1 april 1950, moast ik nei de legere skoalle.
Ik kaam by pake Willem en beppe Hieke yn de kost.
De jierren fan de legere skoalle
yn It Heidenskip fan 1950 oant 1953
yn Terherne fan1953 oant 1955
yn Deinum fan 1955 oant 1956
De jierren fan de mulo
yn Ljouwert fan 1956 oant 1957
op De Jouwer fan 1957 oant 1960
De jierren fan de kweekskoalle
yn Snits fan1960 oant 1965
De jierren fan de militêre tsjinst
yn Ossendrecht fan 1965 oant 1966
yn Stienwikerwold 1966
yn Assen 1967
De jierren as ûnderwizer
yn Nijemardum 1964
yn Snits (Groen van Prinstererskoalle) fan 1967 oant1972
yn Snits (Johannes Postskoalle) fan 1972 oant 1974
De jierren as direkteur
yn Snits ( de Ark) fan 1975 oant 1989
De jierren as meiwurker fan it MSU/GCOfryslân fan 1989 oant 2003