Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen 2022 category

admin

Publyk as winner

Skûtsjesilen 2022

De G stiet op ’e reade rêch:
hjoed makket Grou syn lêste gong,
mar net om kampioen te wurden,
De Lemmer bleau him dit jier foar,
dus winne fynt by Grou gehoar.

Mar sjoch De Lemmer by de wâl,
de wimpel jout him net de gong
om earste op ’e mar te wurden,
it skûtsje hat syn koers net fûn…
ûnweardich foar in kampioen.

Stekt Grou it boarst dan wol foarút?
De B fan bêste hat gjin sin,
want sechde is te min foar wurden
dy’t sprekke fan in lêste kampioen…
’t publyk hat wol oan spanning wûn.

* Foto ‘Tarieding op it Grouster skûtsje’
** Foto ‘It Lemster skûtsje’

admin

De Lemmer heint wyn

Skûtsjesilen 2022

As se draaie, stiet der wyn,
dy’t se mei de wjukken heine
foar it leverjen fan enerzjy
ta nut fan hiel it easkjend folk…
wat hâldt dy eask úteinlik yn?

Skippers ha ferlet fan wyn,
dy’t se mei har tugen heine
om de skûtsjes enerzjy te jaan,
mar easkje hat gjin inkeld nut,
wol hâlde sy de siken yn…

… as in koeltsje yn de fok
falt, de skoat begjint te lûken,
wat it seil de krekte spanning jout
om op te loevjen nei de boei,
sa’n koeltsje biedt de skipper lok.

Lit De Lemmer dat hjoed ha,
mar de skipper fan dat skûtsje
heint de twirren op de eigen mar
ek op, lykas in mole op
it lân, hy giet op ’t winnen ta.

* Foto ‘Wynmoles by De Lemmer’
** Foto ‘Striid tusken De Lemmer en Grou’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum