Rik as brânwacht (6-7 jier) yn 1992
Rik wol brânwacht wurde.
Mar hoe krijst fjoer?
Dat wit Rik wol.
En hoe makkest de brân wer út?
Dat kin Rik ek wol.
Hy kin bêst by de brânwacht.
Rik as mollefanger (6-7 jier) yn 1994
Der is in berch yn de sânbak.
Dy is fan Rik.
Der is ek in berch op it gers.
Dy is fan de mol.
Rik wol dat de mol út ‘e grûn komt.
Wat docht Rik?
Hoe rint it ôf?
It geheim achter de doar (6-7 jier) yn 1998
Achter de doar fan it hok sit in geheim.
Gjinien doart deryn te gean.
Rik en Joke wol.
Se dogge krekt as sit der in man yn it hok.
En se meitsje elkenien bang.
De wite kastanje (11-15 jier) yn 1986
Teade en Harm komme út ‘e werklikheid
yn in oare wrâld telâne, en oarsom.
Se libje yn ferskillende tiidsperioaden.
Muonts Martinus wiist har de wei.
Hy makket har paadwiis yn it libben.
It fjoer fan de ûnmacht (11-15 jier) yn 1987
Ruerd fielt him opsletten yn it deistich libben,
thús likegoed as op skoalle.
Om’t er net by machte is om der wat oan te dwaan,
naait er út om de echte frijheid te priuwen.
Mar dy frijheid sjocht der al oars út
as er him yntocht hie.
Mei fjoer moat er dy keapje
en letter nochris djoer betelje.
De Marsbosk (11-15 jier) yn 1990
Aron Glansky, in joadske jonge, wennet yn Gorjol,
in doarp besuden Moskou.
Dêr wurdt er bûten it libben set, omdat er in Joad is
en mei syn âlden nei Israel emigrearje sil.
Nynke Veen en har âlden,
dy’t fiere famylje fan de Glansky’s binne,
wenje op in rekreaasjeterrein yn Terpoel.
Yn ien fan de bungalows krije de Glansky’s ûnderdak.
Aleks Sietsma, in grutte jonge mei ljochte krollen,
wennet yn de stêd.
Hy wol in eigen wrâld meitsje,
dêr’t er Nynke, syn freonen en syn hûn by nedich hat.
Hurde muzyk wurdt ynset om syn doel te berikken.
Yn dy wrâld is gjin plak foar Aron.
De oaljespinnen (10-13jier) yn 1993
Iva is in brún famke út Peru,
dat troch de âlden fan Jelle
yn de hûs nommen is.
Se wenje by it benzinestasjon.
Under it dak, boppe de pompen,
ha de spinnen reagen makke.
Mei dy spinnen belibje Iva en Jelle
frjemde aventoeren.
Net allinnich yn de minskewrâld,
mar ek yn de wrâld fan de spinnen sels.
De rie fan fjirtjin (11-15 jier) yn 1995
Yn it wetterdoarp Nijwert giet it molkfabryk ticht.
Dat is in grutte slach foar de mienskip.
Mar in Amerikaan fan Fryske ôfkomst
bringt wer libben yn it doarp.
De jeugd krijt de kâns
om it better te dwaan as de grutten.
Peter Hoekema en syn freonen pakke
dy útdaging entûsjast oan.
Se rjochtsje yn it doarp de Frijsteat Nijwert op.
Mar de ienriedigens fan dizze jeugdrepublyk
wurdt al gau op ‘e proef steld.
Dat is it begjin fan in spannende tiid.
It geheim fan de see (10-13 jier) yn 2004
De jonges en famkes fan de heechste groep
meitsje in kampreis nei It Amelân.
Se spylje foar Robinson, piraat of eilanner.
Bas is kaptein fan de Robinsons,
Richard fan de piraten
en Marrit heart by de eilanners.
Bas is yn Turkije as Koerd op ‘e wrâld kommen.
Hy hat gjin ‘echte’ âlders mear.
Hat dat mei de see te krijen?
Op It Amelân is Bas ticht by de see.
Hat de see geheimen?
Bas en Marrit ûntdekke in geheim.
Dat makket Richard, dy’t de tongerdolk hat, jaloersk.
Hoe’t dat ôfrint?
En ûntdekt Bas it geheim fan syn ‘echte’ âlders ek?
Lês it yn ‘It geheim fan de see’.
|