augustus 29, 2019
fan Vera Ignatievna Moechina*
Se kamen neaken út ’e nacht**,
de wurkman en de boerefrou,
it pear wie ien fan sin,
dus oan de heechste lieding trou,
sloech op it deistich teken acht.
Kom op, strûp oan de wurkersklean,
de fûst as teken fan hâldfêst
slacht him troch ’t deiferrin,
de flauwe kul jout inkeld lêst
en kin net foar produksje stean.
Hâld hammer en ek sichte heech,
mar slaan net op it bleate fel
en snij net ûnder ’t kin;
’t komt stielhurd op it bêste del
en slacht op rispje mei ien feech.
It pear komt op ’e draf foarút,
de wurkman en de boerefrou
ha deis in dûbel sin:
mei ’t stiel fielt elk it strakke tou,
mar nachts ûntspanning nei de tút.
* Vera Ignatievna Moechina (1889-1953)
Byld ‘De arbeider en de kolgoazeboerinne’
** It earste ûntwerp fan it byld
augustus 28, 2019
fan Gemeente fan Pijnacker en Delfgauw*
Manlju, froulju, bern en slaven,
harkje nei myn wize rie,
wa’t jimme allegear ek binne,
God kaam ta de die.
Manlju, hâld fan jimme froulju,
slút har yn it hiele hert,
sadat jim beide libje kinne
nei de leafdewet.
Froulju, wit dat jimme manlju
jouwe jim in eigen plak,
sadat jim feilich libje kinne,
altyd ûnderdak.
Bern, doch wat jim âlden sizze,
sy ha ’t bêste mei jim foar,
lit heiten harren net fersinne:
wiis bern net de doar.
Slaven, doch wat jimme masters
sizze, doch dat wol oprjocht,
dan hawwe jim respekt fertsjinne
en yn ’t wurkjen nocht.
* Yllustraasje ‘Manlju, froulju, bern en slaven’