Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Brief fan Jakobus 7

Bibelbylden

fan ûnbekend*

De iene dei komt nei de oare,
wat wy witte troch de tiid
dy’t al foarbygien is;
wat ik jim no noch witte lit:
de takomst hellest net nei foaren.

Geduldich op ’e takomst wachtsje,
sa’t de boer docht op syn frucht,
dy’t wachtet op ’e rein;
jim moatte witte hoe’t it sit:
de komst fan Kristus sil men achtsje.

Profeten moasten kwea ferneare,
lykas Job, it wie in striid,
har takomst wie ûnwis;
sy hawwe oan it libben lit,
ferwachten útkomst fan de Heare.

* Skilderij ‘Job’

admin

Bibelskriuwers

Keunst

fan Rembrandt*



Mattéus, do hast it mar troffen
mei de ingel by it ear,
dy’t soarget foar de ynspiraasje,
dus bisto meikoarten klear.

Jim witte fan gjin tinkend skriuwen,
want in ingel jout de stjit,
de himel soarget sa foar graasje,
mar ik tink foardat ik wit.

Hoe stiet it mei dyn skriuwwurk, Paulus,
hasto ek de gong deryn,
betinkst de sinnen ûnder ’t rinnen
of wurdsto fan ’t skriuwen blyn?

Blyn is in minske sûnder leauwe,
rinnend krij ’k net gau myn nocht,
dan kin ’k my op ’e kearn besinne,
dy’t al lang om wurden socht.

Skilderij ‘Mattéus en de ingel’
Skilderij ‘Paulus yn syn skriuwkeamer’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum