Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Kom op foar Oekraïne

Polityk

fan ûnbekend*

Lân dat weaget fan de raaien
op ’e twirren fan in frij bestean,
lân dat tsjinnet as de skuorre
foar Europa, mar ek fierderop,
dêr’t de sinneblommen bloeie,
folop fleur foar elkenien,
wurdt mei it gif fan ûnrjocht fuorre.

Lân dat troch de iuwen hinne
wreed fertrape waard yn mannich kriich,
lân ferparten ûnder bruorren,
gjin begrutsjen mei ’t fersleine folk,
lân dêr’t stikels folop bloeiden
troch it gif foar syn kultuer,
foar’t folk bleau oer in lege skuorre.

Nei ferrin fan al dat lijen
briek de tiid oan fan in frij bestean
mei tal naasjes as de bruorren
fan de nije steat dy’t libbe op
’t langstme om derby te hearren,
mar it gif fan brute broer
hat sels guon sike breinen fuorre.

Dêrom moat men breinroer wêze
op it brein dat slacht foar master op,
lit syn gekkens net gewurde,
mar kom op foar it bedrige folk,
lûk de stikel út ’e harsens,
dat de sinneblom wer bloeit
op grûn fan frije wiere wurden.

* Foto ‘Flagge fan Oekraïne’
   

admin

Europa yn fredesnamme

Polityk

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Europa, hearsker oer de wrâld
al silend oer de oseanen
mei de flaggen klappend wapperjend
as wiene it kanonnen…
bist noch te hearren en te sjen?

Amearika hiest yn de macht,
al lietst dyn ynfloed sjittend jilde
en dyn hannen klappend wapperje,
hiest neat mei yndianen…
der gie doe noch gjin slach ferlern.

Europa, lannen dy’t lykas
Amearika feriene binne
mei de blauwe flagge heech yn top,
slaan no ek op ’e tromme,
wês net benaud en lit dy sjen!

Frede komt net mei de bek
yn beide hannen, bûten sinnen,
stjerren, strepen klappe wapperjend
de swakke by de tafel
wei, gean foar nimmen op ’e rin.

* Foto ‘Flagge fan Europa’
** Foto ‘Flagge fan de Feriene Steaten’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum