februari 2, 2020
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Franz Jozef, noch mar achttjin jier,
waard foarst fan machtich Eastenryk,
it wie it jier fan revolúsjes,
mar de keizer woe gjin omkear ha,
hy joech wat bliuwend wie gelyk.
Elisabeth, ek Sisi neamd,
seach hy wol sitten as syn frou;
sy hie gjin inkele yllúzje
dat de keizer woe allinnich ha
in keizerinne… wie hy trou?
Franz Jozef wie trou yn syn wurk,
fan moarns betiid oant yn de nacht,
hie yn syn âlde styl fidúsje,
mar ferlear op ’t slachfjild slach nei slach,
dat Eastenryk joech ta yn macht.
It faaie libben sloech ek ta
mei moard en selsmoard en syn broer
moast ûndergean de ekskekúsje,
mar de keizer libbe troch, woe ha
foar Eastenryk in sterk bestjoer.
Franz Jozef, seisentachtich jier,
wie keizer fan ’t ferswakke ryk,
yn oarloch ek, wrâldwide rúzje,
makke net mear mei de lêste slach,
wat bliuwend wie, kriich ûngelyk.
Skilderij ‘Franz Jozef’
Foto ‘Franz Jozef’
februari 1, 2020
fan ûnbekend*
Hoe soe ik fabeltsjes fertelle
nei it sjen fan Kristus’ hearlikheid?
Fan God hat Hy de ear ûntfongen:
‘Dit is myn Soan, dêr’t ik sa wiis mei bin!’
In himelsk boadskip om it út te sjongen.
Dy wierheid sil ik trochfertelle
oant de tinte fan myn lichem leit
om hjir net wer oerein te kommen;
it is sawat safier, myn trie is tin,
nei ’t brekken sil it boadskip net ferstomje.
De wierheid sprieken ek profeten,
jou dus acht op wat har wurd jim seit,
it is in lampe yn it tsjuster
oant de dage ’t yn de moarntiid wint,
as harkers reitsje jim it paad net bjuster.
* Foto ‘Oaljelampe’