Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Meiglide

Keunst

fan George Caleb Bingham*

De kat rûkt noch it fleis,
de rook dy’t fan de hûden komt
fan bizons troch ien skot al rekke…
hy is mei syn bazen ûnderweis.

In rôt kin hy wol oan,
hoewol’t er leaver mûzen mei,
dy’t minder fier as bizons trekke…
him foldocht it sittend farren skoan.

Syn bazen ha de put
derút, ’t wie bannich nei in dei
fan hanneljen mei grutte bekken…
flokke, mar ek swarre hat dan nut.

No nimt de stream har mei
op wei nei hoe’t it fierder komt,
se kinne hjoed de tiid wol rekke…
’t waar op de Missouri is dernei.

De kat sit stil foarop
te sjen; wat mei glydt wat er net
begrypt, is wol te brekken
mei syn poat en fuort is dan de kop.

* George Caleb Bingham (1811-1879)
Skilderij ‘Pelshannelers litte
har driuwe op de Missouri’

admin

Brief fan Petrus 10

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Wol net harkje nei de spotter,
dy’t ropt dat alles by it âlde bliuwt,
gjin sprake fan in nije skepping
mei de werkomst fan de Hear,
der is dus neat wat minsken driuwt.

Troch it wurd fan God is skepen
de himel en de ierde, mar neat bliuwt:
de ierde is fergien troch wetter,
sil ferbrâne troch it fjoer,
it is de eintiid dy’t ús driuwt.

As in dief sil dy dei komme,
dan sil de himel bolderjend fergean
en útinoar falt hiel de ierde
mei de werkomst fan de Hear,
stean klear en lit jim ’t net ûntgean.

Wês geduldich lykas Kristus,
want tûzen jier by ús is mar ien dei
by Him, Hy komt wol syn belofte
nei, al is it op ’en doer,
wat nij wurdt, is de ein fan wei.

* Yllustraasje ‘Eintiid’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum