Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Brief fan Jehannes 1

Bibelbylden

fan Rembrandt*

It Wurd is libben wurden,
wy ha ’t heard en tagelyk ek sjoen
yn Kristus doe’t hy by ús wie,
wol harkje nei syn wurden.

God is yn ’t ljocht, it tsjuster
heart net by Him, is mei ’t kwea ferbûn;
as wy syn ljocht net by ús ha,
dan reitsje wy ’t paad bjuster.

’t Is sûnde om te rinnen
op in tsjuster paad, jou earlik ta
datst dan de oare net mear sjochst,
do stiest folslein allinne.

De ivichheid is kommen
mei de Hear, mei Wa’t wy mienskip ha
en wy mei jim troch ’t tsjûgenis,
dus libbet elk ferromme.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Kristuskop’

admin

Hadrianus

Mytebylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Hadrianus, noch mar njoggen,
mocht al nêst de keizer stean,
dy seach yn him in generaal,
foar Rome fleanend as in earn.

Fan it easten nei it westen;
Syrië, dêr kaam er oan
om gûverneur te wurden, mar
nea waard er keizers wiere soan.

Dochs soe hy wol keizer wurde,
earst yn Syrië, dêrnei
yn Rome, gjin ferskil yn kar,
want elk rûn mei de keizer wei.

Hadrianus hat sanearre
wat yn Rome hold gjin stân;
hy boude timpels, fier oer see
in muorre, dwers troch Ingelân.

Fan it noarden nei it easten,
dêr’t de keizer makke mei
rebûlje yn Jeruzalem,
hy gie dêr as oerwinner wei.

Hadrianus waard fereale:
Antinoös stie nêst him;
de djippe Nyl waard him fataal,
de keizer hearde lang syn stim.

* Byld ‘Keizer Hadrianus’
** Byld ‘Antinoös’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum