Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Hannibal

Mytebylden

fan ûnbekend*

As strider koe syn rom net stikken,
nei frijheid rikkend gie er op ’e flecht
fan ’t iene lân nei ’t oare,
mar doe’t Rome drige mei de dea,
liet eigen gif him stikke.

Kartago droech him earst op hannen,
want foar syn stêd soe hy nei Rome ta;
men seach, mei oaljefanten
oer de Alpen, sa’n beklimming nea,
it soe der dus om spanne.

Twa kear fersloech er de Romeinen,
kaam foar de poarte fan de stêd fan stân,
mar mei syn kommandanten,
sûnder oaljefanten, kearde hy
werom, net as fersleine.

Ferslein waard Hannibal by Sama,
tichtby Kartago, ’t foarlân wie de flecht
fan ’t iene lân nei ’t oare,
syn gefoel liet witte: nea wer frij!
De gifdea wie in drama.

* Byld ‘Hannibal’

admin

Rinne nei letter

Keunst

fan Pierre Bonnard*

De strjitten ljochtsje no al op,
it plein ropt sliepers wekker,
dy’t de sliep noch yn de eagen ha…
’t wurdt mei de oeren gekker.

De sinne is noch lang net op
as ’t folk begjint te rinnen,
roppend giet it op ’e drokte ta…
wêr moat dit drafkjend hinne?

De kleuren ljochtsje helder op,
begjinne ek te rinnen,
trochinoar, sa wol Parys it ha,
sjedêr de reade sinne!

De karre stekt der goar by ôf,
de ezel, ek net better,
set de poaten skrep, begjint foar twa,
’t wurdt mei it klappen letter.

* Pierre Bonnard (1867-1947)
Skilderij ‘Moarntiid yn Parys’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum