Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Yn en op Gogs holle

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

De Heare stiek Gog yn de holle:
‘Ik tsjoch op tsjin Israel,
it lân dat samar iepenleit,
ik kom dat folkje oer it mad,
dat fredich wennet sûnder muorre,
‘k sil goud en sulver plonderje,
want wêr is harren God?’

De Heare brânt fan leafde foar syn
folk, fan grime foar foarst Gog,
dy’t trillet fan it skodzjen fan
de grûn fan Israel lykas
de fisken, fûgels, wylde bisten
en alle minsken yn it lân,
de striid brekt dan ek los.

Gog krijt de heilbui op ’e holle,
fjoer en swevel komme del,
wat alles oer Gods rjochtdei seit,
mei pest en bloed ferrint Gogs lot.

* Foto ‘Heilbui’

admin

De Sânmar

Keunst

fan Marten Groenhof*

De reiden wiuwe op in koeltsje,
de beammen rûzje harren liet,
wylst it wetter weaget sûnder lûd
en ’t Fryske jacht leit yn de rêst,
dit is wat de Sânmar sa simmersk biedt.

It koeltsje is in koelte wurden,
de reiden ha har kleur ferlern,
mar it wetter lit de kleuren sjen
fan wolken mei dêrachter ljocht,
dit is hoe’t men de mar sa hjerstmis ken.

In koeltsje kin de lea ferkuolje,
in sterke koelte kringt troch klean,
mar in minskehert bliuwt grif net koel
by ’t skôgjen fan de gong troch ’t jier
by de Sânmar, bliuw dêr mar efkes stean.

* Marten Groenhof (1925-1978)
Skilderij ‘Op de Sânmar’ (detail)
Skilderij ‘By de Sânmar’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum