februari 20, 2020
fan Dirk Nijland*
De stiennen hingje justjes skean,
te âld om noch lang stean te bliuwen;
falle se troch waar en wyn
of troch har dea te ûnderskriuwen?
De himel jout al oan te gean,
it jûnsread sil al gau ferdwine
nei de dei troch sinneskyn,
oan stiennen kin men ’t ljocht net bine.
Strewellen bliuwe ek net stean
lykas se mei har blêden binne,
lijten flechtsje foar de wyn,
dy’t beart om wiffe stiennen hinne.
De berje stiet hjoed sûnder klean,
it swarte kleed kin maklik skuorre
troch de hurde stien, men fynt
it net… it hat te lang al duorre.
* Dirk Nijland (1881-1955)
Skilderij ‘Begraafplak’
februari 19, 2020
fan Frans Hals*
Bern kinne lokkich wêze
mei de leafde dy’t se krije
fan har âlders, mem en heit
stean yn foar har bestean;
oer bern is mear te lêzen:
Wy meie ek bern hjitte
fan de Heit dy’t ús befrije
sil fan ’t kwea, dat is in feit
as wy gean foar it rjocht
en ûnrjocht achterlitte.
Bern fan de duvel dogge
wat tsjin ’t wurk fan Kristus yngiet,
dêrmei ek tsjin God de Heit;
’t wurk fan de duvel is
ferdien, wat wy ek sjogge.
* Frans Hals (1582/1583-1666)
Skilderij ‘Fiskersjonge’