Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Brief fan Jehannes 5

Bibelbylden

fan Frans Floris*

De leafde komt fan God
en elk dy’t leafhat, is syn bern
dat mei de Heit ferbûn is,
lykas Kristus as syn Soan,
sa giet de leafde nea ferlern.

Ha yn jim libben leaf
as broers dy’t foar elkoar bestean,
om’t jim de leafde jûn is
troch de Hear, oan ’t krús ferstoarn,
Hy hat ús sels syn libben bean.

Fan Kaïn ha wy neat,
om’t hy in bern wie fan it kwea;
de moard op syn broer Abel
sleat net by de leafde oan,
mar rûn mei haat op nei de dea.

Dat leafde wint fan haat
komt troch de leafde fan de Hear:
sjaloom yn plak fan Babel.

* Frans Floris (1516-1570)
Skilderij ‘Kaïn en Abel’

admin

Harmodios en Aristogeiton

Mytebylden

fan ûnbekend*

It wiene goede maten,
dy’t in hekel hiene oan de macht
fan de iene oer de oare:
gjin ferskil fan dei en nacht.

Twa bruorren wiene machtich,
hearsken oer Athene as altyd;
ien woe ien fan har bekoare,
mar dy maat rôp op ta striid.

Ien broer waard doe fermoarde,
mar de oare bleau oan it bewâld;
fan it iene kaam it oare:
beide maten rekken kâld.

It wiene goede maten,
dy’t fermoarde waarden troch de macht
dy’t sy net bekoare koene…
in ferskil fan dei en nacht.

* Bylden ‘De Tyrannicides’
In Romeinske kopy fan in Gryksk byld

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum