maart 22, 2020
fan ûnbekend*
De fraach wie net oft sy goed prate koe,
mar kin in frou wol kieze
as it giet om ’t lânsbelang?
Amearika mocht net ferlieze.
Jeannette Ranking kaam yn it Kongres
as earste frou dy’t prate
mocht mei noaten op har sang…
om ’t fredeskoeren waard sy hate.
As pasifiste wie sy tsjin de kriich:
Amearika moast wizer
wêze, net dat sy deadsbang
wie: oarloch makke ’t libben grizer.
Jeannette Ranking hie de slach ferlern:
Amearika woe stride,
’t gie foaral om ’t lânsbelang
en fierder om de heale ierde.
De fraach wie net oft sy net stride koe,
sy focht foar ’t bernelibben,
dat it rûn fan koart nei lang,
foar mem en bern hat sy lang stribbe.
Jeannette Ranking focht foar Luther King
as haad fan in brigade
fan fiiftûzen yn in mars
foar him, ien fan har fredespaden.
* Foto ‘Jeannette Ranking’
maart 21, 2020
fan ûnbekend*
It barde op it eilân Patmos:
in stim sa lûd as in trompet
klonk my ynienen yn de earen:
‘Watst sjochst, skriuw dat oan sân gemeenten
om har oer Kristus mear te learen.’
Sân kandlers kamen my foar eagen,
dêrtusken stie de minskesoan
mei yn de rjochterhân sân stjerren
as ingels fan de sân gemeenten,
sa waard my Kristus iepenbiere.
Ik foel as dea Him foar de fuotten
en fielde waarm syn rjochterhân:
‘Ik bin de Earste en de Lêste
en ha fan ’t deaderyk de kaaien,
skriuw ’t op, want earder silst net rêste.’
* Yllustraasje ‘Kristus tusken sân gouden kandlers’