maart 26, 2020
fan Jan Asselijn*
Heech seach hy de fjilden oer,
noch yn de bloei fan ’t libben,
yn it reade kleed foar sier,
grutsk op it wite hynder,
it eachweid withoefier.
Nei de lichte kaam er del,
omdat de bek fan ’t hynder
skomme fan de toarst, it dier
moast fan de ruter drave,
wie oeren al yn ’t spier.
Tsjinstber bûgde hy djip oer
de boarne foar koel wetter,
’t wie syn taak al mannich jier;
dêr yn de dompe djipte
wist hy fan gjin fertier.
Heech seach hy by ’t hynder op
en winske ’t op ’e kletter.
* Jan Asselijn (1610-1652)
Skilderij ‘Ruter by in boarne’
maart 25, 2020
fan ûnbekend*
Lit de earste kandler wêze
de gemeente fan Efeze
en de earste stjer syn ingel,
dat folk sil dyn brief lêze:
Gâns hasto ferneare moatten
om it leauwe yn myn Wurd,
mar ’t waard dy nea te swier,
do hast earst wraamd en wrotten,
holdst it Wurd foar wier.
Mar do hast dy wei ferlitten,
holdst net fol sa’t it begûn,
dyn leafde naam in kear,
do litst it no raar sitte…
witst it dan net mear?
Wa’t oerwint, dy krijt te iten
fan de fruchten fan de beam
yn ’t paradys, wiswier.
* Foto ‘Alde ruïnes yn Efeze’