april 2, 2020
fan William Turner*
It swarte goud is dold yn ’t tsjuster,
hise út ’e djipte wei,
it wurk fan grouwe kloeren,
like wurch as juster.
Te kostber foar de grouwe kloeren,
wurk jout waarmte dei en nacht,
it swarte goud giet fierder,
ek de nacht telt oeren.
Yn ’t ljocht fan fjurren en de moanne
lade kloeren skip nei skip,
it goud ferbrekt de stilte,
fier al fan de boarne.
It swarte goud sylt oer de weagen
foar ’t it opgiet yn it fjoer,
wat oerbliuwt is de jiske,
griis nei swart foar eagen.
* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Nachts stienkoal lade’
april 1, 2020
fan ûnbekend*
Lit de fiifde kandler wêze
de gemeente fan stêd Sardes
en de fiifde stjer syn ingel,
dat folk sil dyn brief lêze:
Ik wit watsto tsjintwurdich dochst,
der wurdt sein datsto libbest,
wat net sa is, want do bist dea,
watst oan dyn dwaan en litten sjochst.
Wurd wekker, hâld it ljocht yn acht
en ek it krigen boadskip,
brek mei it libben datsto liedst,
want oars ferskyn ik ûnferwacht.
It kleed fan guon fan jim is skjin,
sy sille by my wêze
alhiel yn ’t wyt, want wa’t oerwint,
krijt troch myn tsjûgjen heger sin.
* Foto ‘Timpel fan Artemis te Sardes’