mei 17, 2020
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
As fjirde fan wol tolve bern
wist Ernest wat fan ’t grutte ôf,
grut wie ek syn aspiraasje
om nei ’t middelpunt te gean
fan wat mei ’t each net is te sjen.
As wittenskipper woed er ha
’t atoom hie grif syn eigen bou
mei kearn en elektroanen;
’t koe foar lytse ienheid stean,
mar Ernest woe op splitsing ta.
’t Atoom fan stikstof wie geskikt
om op te sjitten, wol yn ’t lyts,
hiel sekuer mei alfadieltsjes,
dat sa splitste hy de kearn
en wie it earste doel berikt.
It lytse frege daliks om
noch mear te witten, dan yn ’t grut,
want soks folget út ’e dieltsjes:
twa kear splitsten se de kearn
en beide kearen foel de bom.
* Foto ‘Ernest Rutherford’
** Foto ‘Atoombom op Hiroshima’
mei 16, 2020
fan ûnbekend*
Ien segel bleau noch oer
om te ferbrekken troch it Laam,
it sânde segel briek Hy iepen…
wat my doe foar eagen kaam:
Sân ingels stiene foar de Hear,
dy’t sân trompetten krigen,
de achtste ingel gie by ’t alter stean
mei yn de hân in gouden wijreekfet,
de krigen krûden rûkten tige,
dy’t er op it gouden alter lei
mei ’t gebed fan alle hilligen,
opdat de reek opstige
nei de troan fan God;
it wijreekfet kaam doe fol fjoer,
dat de ingel nei de ierde smiet,
de wjerslach soe der net om lige
mei wjerljocht, dêrnei klap nei klap…
de sân ingels makken harren klear,
noch klonken de trompetten net.
* Yllustraasje ‘Sân ingels mei trompetten’