mei 25, 2020
De baas fan ’t spul wie der net by,
sit sûnder syn ûnthâld teplak,
wit fan gjin reade arke mear…
syn simmersk ûnderdak.
Al langer as in heale iuw
joech hy de arke syn gerak,
de lêste jierren koe ’t net mear,
hy is foargoed teplak.
Syn arke sit oan ’t sleeptou fêst,
fart nei de helling foar in beurt,
mar foar de baas hoecht dat net mear,
’t is net syn each dat keurt.
Al jierren hat er dêr syn plak,
it fûgeltsje mei ljochter read,
it siket foar de lêste kear,
’t fynt op it wetter neat.
mei 24, 2020
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Tegearre oer de dûnsflier swiere
wie fan krún oant tean it nocht
en wurk fan Vernon en Irene,
sy ha de hichte socht
en mochten ’t libben fiere.
Sy hie it hier koart foar de holle,
wat modern wie, ’t hiet de bob,
sy joech de wrâld dy styl te lien,
berikte sels de top,
lykas de measten wolle.
Mar wol moast sy har man ferlieze,
as piloat fûn hy de dea;
har kapsel drûge noch gjin trien,
mar ’t dûnsjen wie as brea…
sy hie neat oars te kiezen.
* Foto ‘Vernon en Irene Castle’
** Foto ‘Irene Castle’