Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Op mars ferslein

Keunst

fan Kuzma Petrov-Vodkin*

De reade flagge gie op kop,
dêrachter swaaiden reade bannen,
sa marsjearre ’t leger oer
de hichten, troch bedeltes,
fan alle lannen oan de top.

De kommissaris wie derby
om ’t ideaal topheech te hâlden
foar de boarger en de boer:
‘Sjedêr de Sovjet-helden,
marsjearjend foar de maatskippij!’

Fansels hie hy ek in gewear
om as it moast mei skerp te sjitten;
oan it leger joech er stjoer
mei wurden fan de lieder,
dêr skeat er ek mei, kear op kear.

De kommissaris wie ynein
en koe it leger net mear folgje,
siigde yninoar, ’t wie oer
mei ’t sjitten út ’e mûle,
hy wie troch ’t eigen folk ferslein.

* Kuzma Petrov-Vodkin (1878-1939)
Skilderij ‘De dea fan de kommissaris’

admin

Oardiel fan it hynder ôf

Bibelbylden

fan ûnbekend*

De himel seach ik iepenstean,
der kamen wite hynders út
mei ruters yn fyn linnen,
legers fan ’t fertsjinne lean.

De earste hiet Oprjocht
en Trou, hie eagen as in flam
en diademen op ’e
holle, strieljend fan fel ljocht.

Syn mantel wie sa read as bloed,
syn eigen, dat him kleure hie,
Gods Wurd kriich dy as namme,
’t kleed brocht heidenen yn noed.

De heidenfolken hearden oan
it oardiel dat de ruter brocht,
in skerp swurd  út ’e mûle,
’t wite hynder wie syn troan…

… as Kening oer de keningen,
oer alle ierdske hearen Hear.


* Yllustraasje ‘Kristus Pantokrator’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum