februari 25, 2025
fan ûnbekend*
Wa’t in moardner is, leit foar de hân:
wa’t mei it plan al yn de holle
mei in wapen ien om ’t libben bringt,
mar binne it der folle mear,
dan sprekt men fan in massa-moardner.
Wapens fan mynhear de presidint
ferskille navenant de funksje,
massa’s wurde om it libben brocht;
wat tastien is, is dêrmei klear,
konvinsjes skeppe sa de oarder.
Oer dy oare funksje wurdt nea tocht:
belied dat wrâldwiid minsken deadet,
mei dit wapen om it libben bringt,
it jild yn plak fan it gewear,
in presidint fynt soks yn oarder.
Netanyahu, Poetin en ek Trump,
bewapene mei kapitale
macht, sy reitsje swakken yn it hert,
wat tastien is ta eigen ear…
sy binne dochs ek massa-moardners?
* Foto ‘In massa grêven’
februari 23, 2025
fan ûnbekend*
Chamberlain en Daladier
fan Ingelân en Frankryk,
tegearre reizgen sy nei München
om Hitler grut gelyk te jaan
op kosten fan in tredde lân,
dy frede easke lyk nei lyk.
Starmer en syn maat Macron
fan Ingelân en Frankryk,
nei Washington, dêr sil it hinne
om wer in Hitler acht te jaan,
op knibbels fan ferdoarne macht,
dy’t domwei easket lyk nei lyk.
Hat Europa noch net leard
dat Ingelân en Frankryk
de frede kochten fan in moardner
en hjoed de dei wer hannelje
mei immen dy’t oer liken giet,
Europa rekkenet him al ryk.
Want wa’t de bear gewurde lit,
jout rjocht en frede domwei
wei, hannel leit de swakke ûnder
de klauwen fan it wrede bist,
dus reizgje net nei Hitler ta,
terjochte frede krijt gelyk.
* Foto ‘Adolf Hitler’