Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Alternative floatskou

Lyrysk Deiboek

Se wiene har fan neat bewust
doe’t mem har kwêke út ’e dop,
de pykjes fan de lette lêch
ferstiene har, it wie in lust
hoe’t sy reagearren op ’e rop:

‘Kom op, it is de wike fan
hiel Snits, al sylt der ek gjin boat,
wy skarrelje ús kost wol op
by ’t plak fan Jan en alleman,
oan de steiger leit de hiele float.’

Dus swommen alle berntsjes mei
de mem de bûlevaar bylâns
as wie ’t de floatskou fan it jier,
dat Jan belibbe sa syn dei,
’t wie foar alleman in bûtenkâns.


admin

Afghanistan eigen baas

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Afghanistan, lân tusken bergen,
heech hiesto it yn de kop,
woest eigen wetten folgje,
ek as ’t gie oer ’t bûtenlân,
mar mis, de Britten spilen heger op.

It wie foar emir Habibullah
net genôch foar ’t eigen lân
om ’t Britske ryk te folgjen
yn it bûtenlân, hy brocht
it yn petear, mar fierder neat ta stân.

Afghanistan, lân fan de wapens,
leech leisto de fijân del,
mar ek dyn eigen emir
yn it binnenlân, de moard
liet sjen dat wurden wiene net yn tel.

Syn soan waard emir, Amanullah
gie de striid oan mei de Brit
om eigen baas te wurden
oer ’t beleid foar ’t bûtenlân,
wat slagge nei in fearnsjier bloed en swit.

* Foto ‘Habibullah’
** Foto ‘Amanullah’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum